Lutz Jacobi: beheind ynleverje

De plannen fan it nije kabinet sille de boargers net al te hurd yn de beurs reitsje. Dat tinkt PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi út Wergea. Freed lekte út dat de hypoteekrinte-ôftrek foar alle gefallen op 'e skeppe giet. Fierder wurdt de soarchpreemje ynkommensôfhinklik en giet de ynkomstebelesting omleech. Takom wike wurde de krekte plannen nei alle gedachten bekend makke. It Centraal Plan Bureau rekkenet se earst noch troch.