Buert benaud foar heien

26 okt 2012 - 20:15

Bewenners fan de Sieger van der Laanstrjitte op It Hearrenfean meitsje har soargen oer nijbou yn har buert. Wenningkorporaasje Accolade hat huzen oan de Taconishof ôfbrutsen en wol dy ferfange troch nije. Neffens de bewenners is dêrby tasein dat de heipeallen dy't nedich binne net de grûn yn slein, mar yn boarre wurde. Sa soe skea oan har huzen foarkaam wurde. Koartlyn die bliken dat de peallen der dochs yn slein wurde. Dat wie doe't in fersekeringsburo de hjoeddeiske situaasje opnaam. De bewenners komme no yn aksje tsjin it foarnimmen.

Se hawwe op it bouterrein spandoeken ophongen en hawwe ek in advokaat yn 'e earm naam. Accolade hat har yntusken in petear tasein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)