Media Markt regelt romtereizen

26 okt 2012 - 16:46
  • Mediamarkt
  • Romtereis

De Media Markt biedt minsken de mooglikheid om in romtereis te meitsjen. Wa't belangstelling hat moat mar leafst 73.333 euro op it kleed bringe. Mar dêrfoar wurdt men dan ek 100 kilometer de romte ynsketten. De reis duorret noch net iens in oere en minsken fleane allinnich mei de piloat. Ynskriuwe kin by de Media Markt. De earste tochten wurde oer in pear jier ferwachte. De reklamekampanje moat noch begjinne, mar yn Ljouwert hawwe har al 18 persoanen opjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)