Undersyk nei taalgebrûk soarch

26 okt 2012 - 16:21

De Afûk start kommende moandei mei de ferskate Fryske soarchopliedings yn ús provinsje in grut ûndersyk nei it taalgebrûk yn de Fryske fersoargingshuzen. 350 studinten sille dan oan bewenners de fraach foarlizze hokker taal se it leafst brûke. Is dat bygelyks it Frysk, it Hollânsk of miskien wol it Stallingwarfs? En wat ferwachtsje se dan fan it personiel?

Mei it ûndersyk hoopje de Afûk en de opliedings fan Friese Poort, Friesland College en NHL derachter te kommen oft se ek wat mei taalûnderwiis moatte yn dy opliedings.

Sa soe der bygelyks in kursus Frysk ynboud wurde kinne of miskien sels lessen Stallingwarfs en Biltsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)