Snitser wint WK-blommekeunst

Hanneke Frankema út Snits is wrâldkampioen blomsierkeunst wurden. In fiifkoppige sjuery bepaalde yn Barcelona dat har wurken de moaiste wienen. It giet om in trouboeket en in arranzjemint mei in bolfoarm der yn. Foar it earst hoegden de dielnimmers net sels nei Barcelona te reizgjen. Der moasten foto's ynstjoerd wurde dy't troch de sjuery beoardiele waarden. Frankema bleau dêrby de fyftich oare dielnimmers foar. Earder waard se ek alris Nederlânsk Kampioen Blomsierkeunst.