Kwaliteit drinkwetter bedrige

26 okt 2012 - 12:22

In kwart fan de grûnwetter-winningen yn ús lân wurde bedrige troch grûnfersmoarging. Dat seit saakkundige Peter Salverda fan wetterbedriuw Vitens freedtejûn yn in útstjoering fan it VARA-programma Zembla. Ut de grûnwetter-winplakken wurdt drinkwetter helle. De oerheid ûndernimt net fluch genôch aksje om de yn totaal 60 risikogebieten te sanearjen.

Yn it gebiet fan wetterbedriuw Vitens binne sa'n 28 fan de 100 plakken fersmoarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)