Kânsen Harns op skipssloperij

26 okt 2012 - 12:10

De kâns dat yn de haven fan Harns in skipssloperij komt nimt ta no't der strange Europeeske regels komme foar de sloop fan skippen. Steatssiktaris Joop Atsma fan Miljeu hat dêr earste ôfspraken oer makke op in top yn Lúksemboarch.

Atsma wol sa de striid oanbine tsjin de miljeufersmoargjende en minske-ûntearjende sloop fan skippen op strannen yn Yndia en Bangladesh. It moat plannen foar skipssloperijen yn Nederlân, of konkreter, yn Harns, krekt ekstra kânsen jaan.

Trefwurden: 
Skipssloperij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)