Betize man oerdroegen oan GGD

De plysje hat tongersdeitejûn in ûnbekende man oanhâlden dy't yn 'e war wie. Plysjes seagen de man by de Simmerwei yn Tytsjerk út de boskjes kommen. De man begûn earst yn it Dútsk te praten, mar spruts letter Nederlânsk. De man woe him net legitimearje. Hy is meinaam nei it plysjeburo, mar ek dêr slagge it net om him te identifisearjen. Ek foar syn eigen feiligens is besletten de man fêst te hâlden. In dokter fan de GGD hat him om de man bekommere.