Man mei GHB fêstset

26 okt 2012 - 10:17
  • GHB

In 32-jierrige Ljouwerter is tongersdei oanhâlden om't er him net identifisearje koe. Plysjes seagen de man stean op it Nauw. De man stie net al te fêst op syn skonken en waard troch omstanners holpen. Al gau die bliken dat de man ûnder ynfloed fan drugs wie. Hy hie in fleske mei GHB by him. De drugs binne yn beslach naam. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)