Famke stelt klean út winkel

26 okt 2012 - 10:12
  • Boeien

In famke fan 17 jier út It Hearrenfean is tongersdei op 'e died trapearre by it stellen fan klean. Meiwurkers fan in kleanwinkel oan de Dracht seagen dat it famke ferskate klean meinaam hie. By in bloeske wie it label derút skuord, sadat it bloeske ek stikken wie. De jonge winkeldief hat in winkelferbod foar in jier oplein krigen en is by it Haltburo oanmeld. Se moat ek 175 euro skeafergoeding betelje foar it stikkene bloeske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)