Reboelje eksposysje Willemsma

Der is reboelje ûntstien oer in útstalling fan byldzjend keunstner Ids Willemsma. Yn it haadkantoar fan de Friesland Bank yn Ljouwert is de kommende moannen in oersjochtentoanstelling te sjen. Dêrby stean ûnder oaren in pear deadskisten.
In tal persoanielsleden fan de bank fûn dat net passend, no't de Friesland Bank aanst opgiet yn de Rabobank. Willemsma wegere de tentoanstelling oan te passen en de deadskisten fuort te heljen. Oerlis hat de kjeld út de loft helle, de eksposysje bliuwt. De Friesland Bank wie net berikber foar kommentaar.