Agressive winkeldief pakt

26 okt 2012 - 07:35

De plysje yn Drachten hat tongersdeitemiddei in agressive winkeldief oanhâlden. De man waard trapearre troch meiwurkers fan in supermerk oan de Markt. Doe't de meiwurkers de dief oanhâlde woene, waard hy agressyf en mishannele guon meiwurkers. Hy naaide dêrnei út.

Mei help fan dielnimmers oan in Burgernetaksje koe de plysje de man letter op strjitte oanhâlde. De twadde dief wie yn de winkel bleaun en koe ek oanhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)