SP tsjin sluting byb SWF

25 okt 2012 - 22:17

De SP yn Súdwest-Fryslân ferset him tsjin de plannen om yn de gemeente fiif fan de sân bibleteken te sluten. It giet om de foarsjennings yn Warkum, Koudum, Makkum, Drylts en Wytmarsum.

De SP, dy't net yn de gemeenteried sit, neamt de foarnommen sluting in earnstige ferskraling fan it plattelân. Boppedat seit de partij krityske lûden te hearren oer it feit dat Snits in djoer teater krijt en dat soks ten koste giet fan lytse kearnen.

Trefwurden: 
sluting SP biblioteken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)