Treinen ride op 'e tiid

25 okt 2012 - 21:27
  • NS-trein

De treinen yn Fryslân rieden yn de earste helte fan dit jier oer it algemien knap op 'e tiid. Der binne boppedat minder ritten útfallen. Dat meldt de provinsje. Dêrmei is goed foldien oan de easken dy't de provinsje oan de iepenbierferfier-bedriuwen stelt.

Wol is it totaal oantal reizgers licht ôfnommen en binne der mear ynsidinten yn bussen registrearre. Dat lêste komt foaral trochdat der mear kontrolearre is, benammen op in jildige OV-chipkaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)