Feestferljochting yn Snits

Alle beammen yn de Snitser binnenstêd komme fol te hingjen mei LED-ferljochting. It giet om goed njoggentich beammen dy't binnen de stedsgrêften stean. It ophingjen fan de ferljochting is in inisjatyf fan de ûndernimmers en moat soargje foar mear sfear yn de stêd. En dat moat dan wer mear klanten opleverje.
Kosten foar it ophingjen binne 20.000 euro. Snits folget dêrmei it foarbyld fan oare stêden.