Koudumers prate mei oer nijbou

25 okt 2012 - 17:21

Soarchynstelling Plantein behellet ynwenners fan Koudum aktyf yn de nijbouplannen fan ferpleechhûs De Finke. It tal Koudumers fan 65 jier en âlder sil de kommende jierren flink tanimme. Dêrom wol Plantein graach fan minsken witte hokker wenwinsken se hawwe. Ynkoarten wurdt ûnder Koudumers in enkête ferspraat. Der binne al ideeën om neist de nijbou ek soarchapparteminten en in moetingsplein te realisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)