Ferkearsoerlêst op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Op de Ofslútdyk rjochting Fryslân blokkearret op dit stuit in frachtweinkombinaasje de dyk. Dat komt omdat de karre dwers achter de trekker kommen is te stean. Ferkear wurdt omlaat oer de op- en ôfrit fan it monumint. Dat soarget foar in file. De oerlêst sil foarearst ek noch oanhâlde, ferwachtet de plysje. Neidat de frachtweinkombinaasje fuorthelle is moat de dyk skjinmakke wurde omdat der oalje op lekt is. Ek moat de fangrail makke wurde, omdat de karre dêr op bedarre is.