Sjaal foar beam Teatskehûs

De beam yn 'e tún fan it Teatskehûs yn Blauhús hat in sjaal krigen. De sjaal fan 80 meter moat de sike beam rêde. De es is mear as hûndert jier âld en moat eins tsjin de flakte. De kapfergunning leit al klear. De bewenners wolle lykwols dat de beam bliuwt en dêrom hawwe se in sjaal foar him breide. Aktiviteitebegeliedster Ciska Staverman seit dat de beam unike wearde hat foar de bewenners. Sommigen wenje al harren hiele libben yn Blauhús en ha der earder noch wol ûnder boarte.