Munysje ûntploft by Ritsumasyl

25 okt 2012 - 15:10

Seis kratten fol granaten en oare munysje binne tongersdei ta ûntploffing brocht by Ritsumasyl. It is de fynst nei in boaiemûndersyk op it trasee fan de Heak om Ljouwert. It giet om munysje dy't de Dútsers brûkten by de ôfwar fan de fleanbasis yn de Twadde Wrâldoarloch. Ek de kommende tiid wurdt noch fierder socht nei eksplosyf materiaal. Fanwege wurk mei grut ark foar de Heak om Ljouwert moatte de granaten fuorthelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)