Baas ratteslang noch net fûn

25 okt 2012 - 14:34

De eigner fan de ratteslang dy't moandeitemoarn yn in hûs yn Drachten opdûkte, is noch net fûn. De slang lei op de oerloop en waard fûn troch de 11-jierrige Gregory Los. De slang is neffens kenners sa wyld, dat it wierskynlik is dat er al in skoft yn 'e frije natoer libbet.

De eigner hat 14 dagen de tiid om him te melden, oars wurdt in nij plak foar de slang socht. Omdat de slang sa agressyf is, sil er net nei partikulieren gean, mar nei in spesjalisearre adres.

Trefwurden: 
Drachten ratteslang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)