Bilts ferset besunigings bybs

De besuniging fan 20.000 euro op de bibleteken op It Bilt is tsjin alle ôfspraken yn en bringt ek de oare bibleteken yn Noardwest-Fryslân yn gefaar. Dat seit ynterim-direkteur Herman Heemskerk fan de bibleteken yn Noardwest Fryslân. Neffens him kinne de lytse bibleteken yn Minnertsgea, Froubuorren en Sint Jabik net iepenbliuwe en moat der snijd wurde yn de iepeningstiden fan de byb yn Sint Anne. Ek kin de funksje fan it Bilts dokumintaasjesintrum yn gefaar komme. Dat sit no noch by de bibleteek yn.
De gemeente It Bilt moat de kommende jierren stevich besunigje, om de begrutting slutend te krijen.