Earste tunnel Dr.plein iepen

Freed tusken de middei giet de earste fytstunnel ûnder it nije Drachtsterplein iepen. De tunnel oan de westkant fan it plein is noch net ôf, mar kin al wol brûkt wurde troch fytsers dy't oer de Drachtsterbrêge de stêd yn of út wolle. De fytsers krije sa in feilige en flugge ferbining nei it sintrum fan Ljouwert, wêrby't se net mear hoege te krusen mei it autoferkear.
Foar de fytsers is dit goed nijs. Sy moasten de ôfrûne tiid omfytse oer tydlike fytspaden. Yn desimber geane de trije oare fytstunnels ûnder it Drachtsterplein iepen.
De westlike fytstunnel wurdt ek noch fersierd mei tegels nei in ûntwerp fan de keunstner Jan van der Ploeg. It no al iepenstellen fan de westlike fytstunnel is ek nedich yn ferbân mei de oanlis fan it nije fyts- en kuierpaad oan de súdkant fan de Aldlânsdyk.