Ferwerter fytsedief oanholden

Plysje © Omrop Fryslân
Yn Stiens is woansdei in 47-jierrige ynwenner fan Ferwert pakt foar stellerij fan twa nije fytsen. In tsjûge seach dat de man oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert de fytsen yn syn auto meinaam en warskôge de plysje. Hy sette dêrnei sels de achterfolging yn. Dêrom koene de plysjes de dief by de Wythústerwei yn Stiens pakke. De man ferklearre dat er de twa fytsen foar 75 euro per stik kocht hie fan in ûnbekende man. De Ferwerter is oanhâlden en de auto en de fytsen binne yn beslach naam.