Ljouwerter autodief oppakt

Oanhâlden © Omrop Fryslân
Yn Ryptsjerk is woansdeitenacht in 36-jierrige ynwenner fan Ljouwert oppakt foar it stellen fan in auto. De plysje hold de man oan op de Westerdyk foar in alkoholkontrôle. Doe't de man syn rydbewiis sjen litte moast, die bliken dat er dat net hie. Ut ûndersyk kaam nei foaren dat de auto tiisdei stellen wie yn Dokkum. De plysje hat de auto yn beslach naam.