Oanpassings diken yn Drachten

Drachtsterfeartprojekt
Yn Drachten wurdt kommend wykein begûn mei oanpassings fan diken om it transportbannefabryk fan Dunlop hinne. Grûnstoffen en produkten fan Dunlop kinne fanwege it útgraven fan de Drachtsterfeart net langer fia de Mûnein ferfierd wurde.
Yn de Lange West wurdt in rotonde grutter makke foar swier transport. Dêrneist wurdt grien fuorthelle om in tal rydbanen breder te meitsjen.