Gaslek yn Baaium
Yn Baaium is in combine op in gashokje riden. Dêrby is in gaslek ûntstien. De Hasthemerwei hat foar in part ôfsletten west. Enexis hat it gaslek foarearst makke. It giet om in tydlike reparaasje. Neffens it enerzjybedriuw moat de kast takom jier ferfongen wurde of hielendal opknapt. It gaslek hie gjin gefolch foar it leverjen fan gas, dat koe gewoan trochgean.