Heavy metal yn tsjerke

It heavy metal festival woansdei yn de grifformearde tsjerke fan Kollumersweach wie in grut súkses. De organisatoaren hiene de tsjerke mei gerdinen feroare yn in smûke seal dêr't de bûtenlânske heavy metal gospelbands Spoken, Sacrety en Righteous Vendetta om bar har nûmers brochten. It wie in inisjatyf fan it kristlik jeugdwurk, mar bedoeld foar elkenien.
Der kamen in pear hûndert minsken op ôf. Al of net grifformeard, âld en jong, mar de measten sûnder eardopkes.
De bands hiene tiid omdat yn 't westen fan it lân in konsert foar kristlike heavy metal bands net troch gie.