10.000e besiker BeterBezigHuis

24 okt 2012 - 22:06

It BeterBezigHuis yn it Natuermuseum Fryslân hat woansdei de 10.000ste besiker teld. De famylje Polityk krige in taart, in kado en in jierkaart foar it Natuermuseum. It BeterBezigHuis is tsien dagen iepen. Der binne allegear aktiviteiten dy't te krijen hawwe mei duorsumens.

Bern kinne oan de slach mei tema's as enerzjy, wetter, ôffal en iten. Yn de wurkpleats kinne se âlde apparaten slope om der wer nije keunstwurkjes fan te meitsjen. Ek kinne se boartersguod ynleverje en wer in oar stik healsliten boartersguod útsykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)