Bijen yn regearakkoart?

Bijehâlders wolle dat yn it nije regearakkoart oandacht komt foar de bestriding fan bijestjerte. Yn in brief oan de ynformateurs Henk Kamp en Wouter Bos freegje de bijkers om in bij-freonlik grienbehear en it stimulearjen fan positive maatregels foar bijen, om de leefomstannichheden te ferbetterjen.
It tal bijefolken yn ús lân giet al jierren achterút, troch sykten, bestridingsmiddels en te min fariaasje yn blommen en planten.
Bijen spylje in belangrike rol yn de produksje an iten, skriuwe de ymkers yn de brief oan de ynformateurs. Troch de bestowing fan lân- en túnbouprodukten rûze de bijehâlders de wearde fan bijen op 1,4 miljard euro.