Twa Fryske restaurants top 100

24 okt 2012 - 19:15
  • Restaurant De Heeren van Harinxma
  • Frouckjestate

Restaurant De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is twa plakken omheech gien yn de top 100 fan bêste restaurants fan Nederlân. It stiet no op plak 43. Der stiet noch ien Frysk restaurant op de list: Frouckje State yn Ryptsjerk, dat is fan plak 60 nei plak 64 gongen.

Alle jierren om distiid komt de restaurantgids 'Lekker' út mei dêryn de bêste restaurants fan Nederlân. Al sûnt 2005 wurdt de list oanfierd troch it trijestjerrerestaurant 'Oud Sluis' yn Sluis.

Eigener Marc van Gulick fan it Sweachster restaurant is bliid mei it 43e plak yn de top 100. Hy neamt it 'een constante superprestatie van al onze brigades'. Sjefkok yn it restaurant is Geert Jan Vaartjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)