Wurk ferkearsplein De Jouwer

24 okt 2012 - 18:04
  • Knooppunt De Jouwer

It ferkear op en om it ferkearsplein fan De Jouwer moat de kommende wiken rekken hâlde mei fertraging. Rykswettersteat sil fan nije wike moandei ôf oan de dyk wurkje. It giet om ûndersyk nei de asfaltkonstruksje, fanwege de ombou fan it ferkearsplein nei knooppunt. Doel is in flottere en feilige trochstreaming fan it ferkear fan de A6 en de A7 en in goeie berikberens fan De Jouwer. It tariedend ûndersyk oan de dyk duorret fan moandei 29 oktober oant en mei freed 16 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)