Bibleteek Makkum twa-nei-bêste

De bibleteek fan Makkum is tredde wurden yn de wedstryd foar bêste bibleteek foar Nederlân. Dat is krekt bekend wurden yn Utrecht. De nûmer twa is Spijkenisse en de alderbêste bibleteek fan Nederlân is dy fan Amsterdam. De sjuery prize de bibleteek fan Makkum om it sintrale plak yn it doarp, de frisse en kleurige útstrieling, it personiel en de strânbibleteek. It personiel fan Makkum is hiel bliid mei it tredde plak, neamt it in moaie opstekker yn dizze tiid fan besunigings. De gemeente Súdwest-Fryslân is fan doel in tal bibleteken te sluten.