Kursus foar bern tsjin narjen

Yn Drachten hawwe bern woansdei in saneamde Kidsstreetdefense-training hân. De kursus is bedoeld foar bern dy't lêst hawwe fan pesten en net witte hoe't se dêrmei omgean moatte.
Troch te praten oer narjen en it dwaan fan fjochtsport moatte de bern striidberder wurde. De kursus is in inisjatyf van fjochtsporttrainer Christian van de Sande. Doel is dat de bern nei de fakânsje nei de fysike en geastlike 'powerboost' selsbewuster wer nei skoalle ta gean. De earste training wie woansdei yn sportsintrum Ebert yn Drachten.