'Feroardiele is brânmerke'

24 okt 2012 - 14:28

De 55-jierrige man út Terkaple dy't ôfrûne freed feroardiele waard foar it hawwen fan berneporno, is foargoed te skande makke, no't pleatslik belang fan Terkaple him frege hat te ferhúzjen. Dat seit syn advokaat Arthur Scholtmeijer.

Hoewol't de man sels hiel berêstend reagearret op de fraach fan it doarp, fynt de advokaat dat it fersyk hiel fier giet. Neffens him is syn kliïnt gjin bedriging foar bern út de omjouwing. De man hat net oan bern sitten en ek gjin foto's makke.

De 55-jierrige man fan Terkaple giet yn heger berop tsjin syn straf fan ien jier finzenisstraf, wêrfan fjouwer moanne ûnder betingst. De eask wie ek leger: seis moanne, wêrfan trije ûnder betingst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)