Fytser slim ferwûne

24 okt 2012 - 11:03

In 50-jierrige fytser út Drachten is tiisdeitemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man botste op De Dollard tsjin in oare fytser, in 18-jierrige ynwenner fan Harns. Dat wie doe't de Harnzer ôfsloech sûnder rjochting oan te jaan.

De Drachtster foel en rûn dêrby earnstige ferwûnings oan 'e rêch op. Hy is opnaam yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)