Fernielings yn wyk Huzum

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Trije jonge fertochten fan brânstichtings en fernielings yn de omkriten fan it Julianapark en de Van Loonstrjitte yn Ljouwert wurde socht troch de plysje. Yn de wyk Huzum binne de ôfrûne wike túnstekjes, konteners, in Dixie en in boarterstastel yn 'e brân stutsen.
Tiisdeitejûn smieten fystende jonges in stien troch it rút fan in parkearde auto.