Televyzjedief mooglik pakt

24 okt 2012 - 10:38
  • Televyzje

In 19-jierrige man út Easterwâlde is oanhâlden as fertochte fan in ynbraak yn in winkel oan de Nanningawei. Dêr waard yn de nacht fan snein op moandei in rút fernield en in televyzje stellen.

Nei oanlieding fan ferklearrings fan tsjûgen kaam de plysje de 19-jierrige man op it spoar. Hy is yn oerlis mei de offisier fan justysje fêstset. De plysje slút mear oanhaldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)