Truck mei bananen omkypt by A7

Bananen
In frachtwein mei bananen is tiisdeitemoarn op de ôfrit fan de A7 nei Aldehaske kantele. De sjauffeur ried fan De Jouwer nei It Hearrenfean, doe't er in melding krige fan in steuring yn de motor. Hy gie fan de grutte dyk ôf, mar ferlear de macht oer it stjoer. De frachtwein wipte om en kaam diels op 'e A7 telâne.
De sjauffeur rekke licht ferwûne. It ferkear hat hast gjin lêst hân fan it ûngelok.