Trochstart foar Taekema

24 okt 2012 - 09:05

Betonstielbedriuw Taekema yn Twizelerheide makket in trochstart. De direksje hie moandei it fallisemint oanfrege om't it bedriuw finansjeel yn swier waar sit. It bedriuw koe de ôfrûne moanne it lean fan de 35 meiwurkers net mear betelje.

De trije broers Taekema hawwe no in nij bedriuwsplan opsteld. Dat giet út fan in lytser en fleksibeler bedriuw. Yn de nije opset wurdt it bûchbedriuw de kearn fan it bedriuw. Dêr wurdt stiel bûgd. Hoefolle minsken har wurk by Taekema hâlde wurdt pas yn 'e rin fan nije wike dúdlik.

De bruorren Taekema hawwe de ôfrûne wike 'dei en nacht' oan de trochstart wurke yn gearwurking mei de kurator. Tiisdeitejûn waard it akkoart oer de trochstart sletten yn oerlis mei leveransiers, kurator en bank. De trochstart moast ek gau om de kontinuïteit fan it wurk op ferskate boulokaasjes net yn gefaar te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)