Betonblok op spoar De Blesse

23 okt 2012 - 19:30

In oplettende treinmasinist hat sneintejûn in ûngelok foarkomme kinnen omdat er krekt op tiid in betonblok op it spoar by De Blesse lizzen seach. Unbekenden hiene it blok op it spoar tusken Wolvegea en Stienwyk goaid.

De plysje siket no tsjûgen dy't sneintejûn wat opmurken hawwe by it spoar. De spoarweioergang leit ticht by it fiadukt dêr't de A32 oer de Spoarleane giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)