2 euro subsydzje de Oerolfan

23 okt 2012 - 18:54

It Oerol Festival fan Skylge krijt, omrekkene nei it tal besikers, de minste subsydzje. Dat stiet yn it rapport 'Cultuur in Cijfers' fan it ministearje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip. Op eltse Oerolgonger joech de oerheid dit jier 2,15 euro subsydzje. Dat is it leechste bedrach de besiker fan alle ynstellings yn de kulturele basisynfrastruktuer.

Oare ynstellings binne yn ferhâlding folle djoerder. Op eltse operabesiker past de oerheid mear as 200 euro oan subsydzje by.

De Stichting tot Exploitatie van het Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie (RKD) is noch folle djoerder. De RKD koste de oerheid 1120,40 euro de besiker. It Van Goghmuseum is yn ferhâlding dan wer goedkeap, 4,41 euro de besiker, mar noch altyd twa kear sa djoer as Oerol.

Trefwurden: 
Skylge festival subsydzje Oerol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)