Trochstart foar Miedema

It Ljouwerter houtbedriuw Miedema makket in trochstart. 31 fan de 47 meiwurkers hâlde harren baan. Op 2 oktober giene Miedema Bouwproducten en Miedema Houtindustrie fallyt.
It boumaterialebedriuw giet yn ôfslanke foarm fierder mei 15 meiwurkers en krijt der in webshop by. Miedema Houtindustrie hâldt 16 meiwurkers oer. Skuldeaskers Friesland Bank, ABN Amro-bank en ek de belestingtsjinst hawwe oan de trochstart meiwurke. Direkteur Andries Miedema fan Miedema sjocht nei in pear drege wiken wer perspektyf foar syn bedriuw.
It fallisemint hie neffens him ek net nedich west as de banken en de belestingsjinst harren wat soepeler opsteld hiene. Houtbedriuw Miedema bestiet al 95 jier. It bedriuw krige neffens de direkteur nei it berjocht fan it fallisemint in soad 'hertferwaarmjende reaksjes' fan saaklike relaasjes. De meiwurkers fan it bedriuw hawwe nei it berjocht fan it fallisemint altiten gewoan trochwurke.