'Yllegaal boathûs moat fuort'

23 okt 2012 - 18:17
  • De Lemmer

De gemeente Lemsterlân sil dizze hjerst wer strak hanthavenje as it giet om de bou fan yllegale boathuzen yn de Lemster nijbouwiken. B. en w. hawwe dat ôfpraat nei oanlieding fan ferskate klachten. Strak hanthavenje is neffens wethâlder Wesselius ek nedich, want as de gemeente der net om tinkt krije je samar searjes yllegale bouwurkjes, en dêr wurdt De Lemmer net moaier fan.

Wethâlder Jelle Wesselius riedt Lemsters dy't in boathûs bouwe wolle dêrom oan om yn 't foar kontakt op te nimmen mei de gemeente.

De wethâlder seit der by dat it bestimmingsplan op fierwei de measte plakken gjin romte biedt oan soksawat as in boathûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)