Wer bus fan Holwert nei Grins

Tusken Holwert en de stêd Grins komt wer in direkte busferbining. De busline is sûnt inkele jierren opheft, mar it kolleezje fan B&W fan It Amelân woe him graach wer werom hawwe. De busferbining fan Qbuzz is earst in proef en sil benammen ride yn de wykeinen en de skoalfakânsjes.
It is de bedoeling dat de bus fjouwer kear deis rydt en op de boaten nei It Amelân oanslút. De proef set begjin jannewaris útein.