Ofbaarnd gebou wurdt oprêden

By de brân kamen grutte reekwolken frij © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn Drachten is begûn mei it oprêden fan de resten fan de grutte brân fan heal septimber. In leechsteand bedriuwsgebou dêr't earder in keukenbedriuw en in garaazje yn sieten, gie doe yn flammen op. Yn in restant fan it gebou binne fjouwer asbestplaten fûn. Yn de resten dy't him troch de wyk ferspraat hawwe, is gjin asbest fûn.
It asbest dat no fûn is, wurdt troch in spesjalisseare bedriuw fuorthelle. It opromjen fan de útbaarnde gebouwen sil nei ferwachting in wike duorje.