KPN kompensearret Sibrandahûs

De ynwenners fan Sibrandahûs krije 350 euro kompensaasje fan de KPN. Troch in steuring hiene se begjin dizze moanne fjirtjin dagen lang gjin telefoan, ynternet en televyzje.
De KPN hat de bekabeling by de dyk del ferfongen en dêrby binne de telefoanlinen stikken rekke. Dêrtroch ûntstiene steurings, dêr't sawat tritich húshâldens yn Sybrandahûs lêst fan hiene. De bewenners wiene lilk, om't se net yn it foar ynformearre wiene oer de mooglike problemen. Alles is no wer makke. Njonken it jild krigen de ynwenners ek in bosk blommen.