NHL bêste Fryske hegeskoalle

studint op NHL
De NHL yn Ljouwert is mei in tsiende plak de bêste Fryske hegeskoalle yn 'e kategory gruttere hegeskoallen fan Nederlând. Dat docht bliken út de 'Keuzegids HBO-opleidingen 2013'. De gids fergeliket hegeskoallen op basis fan stúdzjesúkses, oardiel fan saakkundigen en studinten. Op it alfde plak stiet Stenden yn Ljouwert.
By de middelgrutte hegeskoallen stiet Van Hall Larenstein yn Ljouwert op it achtste plak. Hegeskoalle Avans yn Noard-Brabân is de bêste grutte HBO-ynstelling fan Nederlân.