Gjin rûnwei by Sint Anne

Oan de súdkant fan Sint Anne komt definityf gjin rûnwei. Neffens boargemaster en wethâlders fan it Bilt hat de gemeente dêr gjin jild foar. No moat alle ferkear noch troch de drokke Van Harenstraat.
De gemeente woe takom jier foar 50.000 euro in ûndersyk dwaan litte nei de mooglikheden foar in rûnwei. No docht bliken dat der de kommende jierren hast in heal miljoen besunige wurde moat. De plannen foar in rûnwei binne dêrmei net mear realistysk, miene b. en w.
Boppedat hopet de gemeente dat der minder auto's troch it doarp komme, as de nije dyk tusken Stiens en Marsum takom jier klear is.