Gemeente wol earst plan sjen

23 okt 2012 - 14:49

De gemeente Ljouwert wol foarearst net yngean op in twadde plan foar in nij Cambuurstadion. De gemeente wachtet it plan en de finansjele ûnderbouwing earst ôf.

It plan foar in nij Cambuurstadion komt fan ûndernimmer Henk van den Borg. Hy wol by it WTC Expo in multyfunksjoneel stadion bouwe foar 35.000 man publyk en foar 60 oant 70 miljoen euro. Der binne genôch partijen dy't jild yn in Cambuurstadion stekke wolle. Njonken de gemeente wol ek Cambuur noch net serieus reagearje op it plan. Foarsitter Smit seit dat er it plan en de man net ken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)