Besunigings op it Bilt

23 okt 2012 - 12:41

De bibleteek, it swimbad, de sporthal en it âldereinwurk op it Bilt krije takom jier foar de twadde kear te meitsjen mei in flinke besuniging fan de gemeente. Dy is needsaaklik om de begrutting foar de kommende jierren slutend te krijen. By de bibleteek giet it om 20.000 euro, by it swimbad en de sporthal om mear as 40.000 euro.

Neffens de gemeente binne de ynstellings sels noch wol by steat om sokke besunigings op te fangen en kinne sawol de bibleteek as it swimbad wol iepenbliuwe.

Korpsen en koaren wurde ûntsjoen by de besungings. Sy hawwe ferline jier flink protestearre tsjin oankundige besunigings.

Om de begrutting foar de kommende jierren slutend te krijen moatte de gemeentlike belestings omheech. Der wurdt ek besunige op ûnderhâld oan diken en plantsoenen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)